Foarstellingen Ferwert 2024

Foarstellingen yn Ferwert 

Freedtejûn 22 novimber hienen wy ús earste foarstelling yn Ferwert yn “It Grand Café” yn soarchsintrum Foswert. In tige slagge jûn. Wy woenen dit jier ek ris probearje of in sneontemiddei ek publyk lûke soe. No dat wie it gefal, de seal siet fol. Ek it protte bewenners fan it soarchsintrum binne no nei de foarstelling kaam. In grut sukses dus.

Wy ha yn desimber even gjin toaniel mar yn 2025 binne der wer foarstellingen. Wy spylje yn it Sintrum yn Holwert op freedtejûn 10 en 17 jannewaris en op sneontejûn 8 febrewaris yn de Kampioen yn Hijum. Kaarten foar dizze foarstelling kinne reservearre wurde op 06-10417860.