Stikken
Wy spylje yn jannewaris 2026 de tragi-komeedzje “Chez Dolly Encore”. It stik is skreaun troch José Frehe & Rob van Vliet en oerset troch Gerda van Wijk. Chez Dolly encore!, in nachtklub mei in ferhaal fol leafde, humor, spanning en triennen.
De tiid fan glitter en glamour liket foarby yn de nachtklub fan Dolly, in leave, sterke frou dy’t jierrenlang mei leafde en lef de skepter swaaid hat.
Mar de wrâld feroaret. De gasten bliuwe wei, de skulden rinne op en Dolly moat alles op alles sette om har libbenswurk te rêden.
Yn de nachtklub spilet sich fan alles of. Fansels is der entertainment, sa as in stand-up comedian act, in optreden fan in dragqueen en it personiel gûchelt oan alle einen en kanten om it publyk yn de klub te fermeitsjen.
Elts fan de minsken nimt syn eigen ferline mei en dat hat se foarme. Guon ha geheimen, guon binne op ‘e flecht en guon ha troch harren ferline in muorre op lutsen om te oerlibjen.
In hertferwaarmjend ferhaal oer dreamen, teloarstellingen en de kreft fan minsklikheid.
Kom, laitsje, fiel en libje mei yn Dolly har wrâld!
Ik bin alhiel van jo menhear Visser (2024 – 2025)
Wy spylje yn it winterskoft 2024-2025 de komeedzje: “ Ik bin alhiel fan jo menhear Visser”. It stik is skreaun troch Carl Slotboom en oerset troch Abele Krist. De spilers dy’t dit jier spylje binne: Elly Visser, Joukje Kramer, Hillie Politiek , AnnaThea de Vries, Marijke Faber, Johanna van der Meij, Nico Bierma, Dikkie van der Wal en Willem Verbeek.
Hûske oan see (2023-2024)
Hearlik in wike op fakânsje. Je boeke in fjouwerpersoanshúske op in park mei útsjoch op see. Spannend! Thomas en Fiona ha der nocht oan, al rint it al wat oars as sy harren foarstelt hienen. De ûntfangst op it park troch Bertha is al spesjaal en dat ûnder fiene Jaap en Ellen ek as sy op it park oankomme. Peter hat ek in fjouwerpersoanshuske boekt en hy sil der fakânsje fiere mei syn frou Lea en har suster Lies. Mar is it wol sa’n goed idee om har mei te nimmen? Ek it animaasjeteam op it park is tige oanwezich. It soarget yn elts gefal foar spanning. En dan is Gerard der ek noch. Hy is allinne op fakânsje en fynt it gesellich om ûnder de minsken te wêzen. In stik wer it wurd: “ dielen” op wat foar manier dan ek in wichtige rol spilet.
Yn’e Keetring (2022 – 2023)
De ryke famylje Laarmans hâld in grutte resepsje en hjir wurde ferskate begoedige en wichtige gasten ferwachte. Dérom wurdt der in keetringbedriuw ynhiert. Der is dizze kear in bedriuw oanlutsen dat soks noch nea earder by it ein hân hat. De keteraar, Ed is in sjachelder en fan keetring hat hy gjin brea iten. Syn ienichste personielslid Fleur sjocht in karriêre yn de keetring net sitten, leaver soe sy sjongeres wurde.
Paul Laarmans is in sakeman, hiel wat minsken binne op syn jild en macht út. Dat let him neat mar tsjin syn famylje kin hy gjin nee sizze. Hjir makket syn brutale, eigenwize soan Bas-Jan tankber misbrûk fan. Syn frou, Debora stelt hege easken oan alles en eltsenien en lit har troch net ien fan ‘ e wiis bringe. Allinne har frijgeselle skoansuster Prescilla sit har yn ‘e wei. Prescilla wennet by de famylje yn, sy is oanientriewei dwaande mei har úterlik, har klean en de manlju om har hinne. Debora is har mear as sêd.
Ed moat ek oan de hege easken fan de gastvrouw foldwaan en sa komt der útwreiding fan it personiel yn de persoan fan Bertje. Hy is totaal net geskikt foar dit wurk. Rint de boel yn it hundert of rêd hy de jûn dan toch noch.
Âlde stikken
- 2000-2001: Breidssuite
- 2001-2002: Sjoch ris oan
- 2002-2003: Tink om ‘e buorlju
- 2003-2004: Gouden dagen
- 2004-2005: Kat op it spek
- 2005-2006: Albedil
- 2006-2007: It heft yn hannen
- 2007-2008: Bokkesprongen
- 2008-2009: It feintsje fan myn frou
- 2009-2010: Mei de Frânske slach
- 2010-2011: Suja sliep foar Foekje
- 2011-2012: Ja san man bin ik
- 2012-2013: Gjin bern ha wolle
- 2013-2014: Kâlde kak
- 2014-2015: Och heden heit
- 2015-2016: Dizze frou is jo man
- 2016-2017: Ik wol gjin oare mem
- 2017-2018: Komkommertiid
- 2018-2019: Frou fan 5 miljoen
- 2019-2020: Troch omstannichheden iepen



